Eksamenjier

Vorige
Eksamenjier
Titel: Eksamenjier
Bestelnr.: 9789089547859
Prijs : € 6,50
Bestellen
 
Let op: dit is een eBoek!
Meer informatie over het bestellen, downloaden en gebruiken van eBoeken
ePUB (watermerk) Type eBoek: ePUB
Beveiliging: Watermerk
 

As Dario nei de grutte fakÔnsje op skoalle weromkomt liket alles by it Ôlde bleaun te wÛzen. Mar is dat wol sa? WÛrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf s¹nder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei h¹s bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris ·tinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen. Sjieuwe Borger (1964; jurist) debutearre yn 2005 mei de roman It ferrin fan de tiiddÛrÆt de ferhÔlding fan de haadpersoan mei syn alkoholyske jeugdfreon sintraal yn stiet. Yn 2006 folge Genesis abbekatekantoaren yn 2011 Simmer oan Æe Pikmar oer de studint Sybren Brouwer, dyÆt yn syn eardere wenplak Grou fakÔnsjewurk docht en ¹nderwilens besiket om syn bestean wer fuotten ¹nder it gat te jaan neiÆt syn ferkearing yn Grins ·tskuord is. De romans spylje allegearre yn it akademysk fermidden. Mei de roman Eksamenjierslacht de skriuwer in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oansl·t by de belibbing fan jongfolwoeksenen dyÆt op it punt steane it Ôldersh¹s te ferlitten en dÛrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lÛste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dyÆt se in jier letter fan in ¶fstÔn skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrÛft om troch it libben hinne te b¹keljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.